SC Cambuur-trainer Hake: "Dinsdag is voor na zaterdag"

27 apr 2018 - 12:41

SC Cambuur spilet sneon de lêste wedstriid fan de reguliere kompetysje, út yn Velsen tsjin SC Telstar. De Ljouwerters binne al pleatst foar de play-offs. As FC Emmen sneon ferliest en Cambuur wint, dan wurde de Ljouwerters sânde en binne se de earste ronde fan de play-offs frij. Sa net, dan spilet Cambuur tiisdei al de earste wedstriid fan de play-offs, út tsjin FC Dordrecht.

Trainer René Hake wol him mei al dy senario's no noch net dwaande hâlde, sa sei er freed nei ôfrin fan de training. "Dinsdag is voor na zaterdag. Over het vervolg beginnen we zaterdag in de bus op de terugreis naar Leeuwarden pas na te denken."

"Beter voetballen"

Dat lêste is net hielendal wier, want as der reden ta is dan sil de trainer mei it each op de play-offs, mooglik kieze foar oare spilers. Cambuur spilet yn prinsipe yn deselde opstelling as ferline wike tsjin Helmond Sport. "We moeten doorgaan waar we mee bezig zijn, maar het moet wel beter dan in de eerste helft tegen Helmond Sport. Beter voetballen, dat levert wat op", sa sei Hake.

De wedstriid Telstar - Cambuur begjint sneontejûn om 19.45 oere. In live-ferslach is te hearren by Omrop Fryslân Radio.

(advertinsje)
(advertinsje)