Twadde ronde einstasjon foar Vermeer op EK judo yn Israel

27 apr 2018 - 12:29

Sanne Vermeer is freed op de EK judo yn it Israelyske Tel Aviv yn de twadde ronde útskeakele. Yn de klasse oant 63 kilogram ferlear de 20-jierrige judoka út Stiens nei oardel minút op ippon fan Martyna Trajdos út Dútslân.

Yn de earste ronde wie Vermeer op golden score noch te sterk foar Agata Ozdoba-Blach út Poalen. Ferline jier, op de EK yn Warschau, waard Vermeer al yn de earste ronde útskeakele.

Margriet Bergstra

Tongersdei wie de twadde ronde ek al it einstasjon foar Margriet Bergstra yn de klasse oant 57 kilogram. De 24-jierrige judoka fan De Lemmer ferlear dêryn fan Theresa Stoll út Dútslân. Yn de earste ronde wûn Bergstra noch fan Ivelina Ilieva út Bulgarije.

(advertinsje)
(advertinsje)