Noch ûndúdlikens oer gefolgen staking iepenbier ferfier

Sjauffeurs fan Arriva stake © ANP
It bliuwt noch ûndúdlik oft der takom moandei en tiisdei hielendal gjin bussen en treinen ride, of dat foar in part wol riden wurdt. De fakbûnen hawwe foar moandei en tiisdei in lanlike staking oankundige. Sa goed as alle busferfier yn Fryslân wurdt troch Arriva fersoarge. Ek rydt Arriva mei treinen fan Ljouwert nei Harns, Grins en Starum.

Nije CAO

In wurdfierder fan Arriva seit dat noch net dúdlik is wat de gefolgen binne fan de staking en ferwachtet net earder as freedtejûn as sneon dúdlikheid. De staking draait om in nije CAO foar it streekferfier. De fakbûnen sizze dat de rydtiden hieltyd krapper wurde en dat der te min tiid is om te skoftsjen. Sy wolle dêr yn de nije CAO skerpe ôfspraken oer meitsje.
Arriva en de oare ferfierbedriuwen binne it net iens mei de stakingsplannen. Neffens harren wiene der noch genôch mooglikheden om te ûnderhanneljen. Sy hawwe tongersdei besocht om de stakings by de rjochter te foarkommen, mar dat is net slagge.

NS rydt wol

De lanlike staking begjint moandeitemoarn betiid en duorret oant tiisdeitejûn let. It personiel fan de NS falt ûnder in oare CAO. De NS-treinen ride dêrom moandei en tiisdei wol gewoan.