Slagge wykein foar Van der Bos

17 jun 2012 - 18:00

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat snein de frije formaasjepartij yn Sint Jabik op har namme skreaun. De twadde winst dit wykein, want sneon wie it trijetal al de bêste yn Damwâld. Yn de finale waard mei 5-4 en 6-6 wûn fan Pieter-Jan Plat, Hendrik Kootstra en broer Bauke Triemstra. Iseger waard mei algemine stimmen ta kening útroppen.

De lytse preemje gong nei it partoer fan Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra.

(advertinsje)