Dûmny Blije lit mei foto's libben fan doarpspredikant sjen

27 apr 2018 - 10:59

It libben fan in doarpspredikant en it doarpslibben yn in krimpregio yn byld bringe. Dat is it doel fan it projekt 'Blije kerk' fan dûmny Maarten Boersema fan Blije. De kommende moannen wurde yn it doarp ferskate foto's fan de 31-jierrige dûmny tentoansteld, as ûnderdiel fan it projekt 'Sense of place' fan Kulturele Haadstêd.

De foto's wurde útstald yn in âlde pleats by Blije en jouwe in byld fan hoe't it is as dûmny oan it wurk te wêzen yn in krimpgebiet. De eksposysje set sneon útein en is eltse freed en sneon, oant en mei ein oktober, te sjen.

(advertinsje)