Kamp Westerbork-útstalling dochs net op 5 maaie yn Ljouwert

27 apr 2018 - 08:35

De tentoanstelling 'De 102.000 namen' sil op Befrijingsdei net yn Ljouwert te sjen wêze. Doel wie om by de start fan de lanlike befrijingsfeesten op 5 maaie, de reizgjende útstalling fan Kamp Westerbork yn Ljouwert te iepenjen. De organisaasje is der lykwols net yn slagge in geskikt plak te finen, ta teloarstelling fan Kamp Westerbork-direkteur Dirk Mulder.

'De 102.000 namen' bestiet út in kolleksje fan grutte fellen papier, wêr't de nammen fan Joaden, Sinty en Roma opsteane dy't yn de Twadde Wrâldoarloch út Westerbork wei ôffierd binne.

(advertinsje)