Kollum: "Sisilië"

27 apr 2018 - 07:33

"Omdat wy yn septimber tweintich jier troud binne, woene we mei de bern op fakânsje en ferline wike wie de iennnichste wike dat eltsenien koe. We wiene mei ús achten en hiene in moai hûs mei in swimbad hierd op Sisilië. It útsicht wie prachtich! Oan 'e iene kant de Etna, oan 'e oare kant de see, rûnom palmbeammen, beammen mei sitroenen en sinesappels en alles bloeide. It waar wie hearlik, dus wat soe der noch mislearje kinne?

No... bygelyks dat ik fuortendalik de earste nacht allemachtich op myn bek gong. Ik stroffele oer myn eigen skoech en foardat ik langút op 'e stiennen flier lei, stuitere ik mei myn rjochterside op in stoel. Ik lei yn ûnmacht te krepearjen en Jelle stode oerein. Mei in protte muoite hat er my wer op bêd holpen. Twa parasetamol en in pear oeren fierder waard ik wekker, mar ik koe my amper bewege.

Myn man wie mantelsoarger wurden en holp my oerein. Doe't ik einlings stie, waard ik sa raar yn 'e holle en ik tocht dat ik wer tsjin 'e flakte gean soe. Mar troch rêstich te bliuwen, barde dat lokkich net en it idee dat ik wer lizze moast, spruts my ek net oan. Ik ha it oprêden om te dûsen, mar koe mysels net ôfdrûgje en hie oeral help by nedich. Ik hie in grut blau plak op myn side en neidat ik mei de fysioterapeut belle hie, wie it eins wol wis dat ik in kniesde ribbe hie.

De bern hawwe dy dei sels op 'n paad west, wylst wy thús bleaune. Ik koe neat. Sitte wie in ramp, lizze wie noch slimmer en rinne gong ek net al te bêst. Lokkich waard de pine geandewei de wike al wat minder sadat ik wer mei koe, mar it wie in hiele toer om yn en út de auto te kommen. Dochs tink ik leaver net yn problemen dus litte it der mar op hâlde dat ik in hiele soad útdagingen hân ha.

Wy slepten op in metalen bêd mei spilen. Sa'n bêd dêr't normale minsken harren oan fêstbine mei hânboeien en elkoar dêrnei mei de swipe op 'e bealch slaan, mar ik koe my dêr moai oan beethâlde as ik efkes oars lizze woe. Op in bepaald momint koe ik wer op 'e side draaie en dan wiene dy spilen ferrekte handich as stipe.

As de oaren wille hiene en bot laken dan gong ik der by wei want laitsje fielde ek net fijn en sa bin ik stadich en stiif de wike trochskarrele. De lêste jûn soene de bern ús mei út te iten nimme en wy sochten om in goed restaurant yn de prachtige stêd Taormina. Wy kamen by in terras dêr't it net sa drok wie, mar it seach der wol smûk út en de kaart like goed.

Ik sei tsjin de baas dat ik gjin pizza mear sjen koe en ferlet hie fan normaal iten, mar der siet in stel oan in oar taffeltsje wakker 'nee' te skodzjen. Dat wie hiel apart en eins ek wol hiel grappich. De baas stie mei de rêch nei harren ta oer it iten te bearen, wylst dy lju hieltyd fûleindiger 'nee' skodden . It wie dúdlik dat we hjir better net ite koene. Ik ha my der mei in smoesje fan ôf makke en we hawwe in oar plak socht.

De eigener fan dat restaurant wie in geweldige gasthear. Doe't ik sei dat we op Sisilië wiene omdat we hast 20 jier troud binne, hat er ús yn it Italiaansk ta songen en sadwaande hawwe wy de wike dochs romantysk ôfslute kinnen."

(advertinsje)