Brânwacht rydt op Keningsnacht út nei hûs en parkearde auto

27 apr 2018 - 06:29

In wenning oan de Aert de Gelderstrjitte yn Ljouwert hat op Keningsnacht skea oprûn by in brân. It fjoer ûntstie om twa oere hinne tsjin de gevel fan de wenning. De reinpiip en in kezyn rekken skansearre. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de rest fan de wenning.

Omdat der reek yn it hûs kaam wie, hat de brânwacht de boel fentilearre. De bewenner wie net thús doe't de brân útbruts. It is ûndúdlik hoe't de brân ûntstien is.

Auto op De Jouwer

Op it carpoolplak oan de Tramwei op De Jouwer is yn de nacht fan tongersdei op freed in auto folslein útbaarnd. Dat wie om healwei trijen hinne. Doe't de brânwacht oankaam, sloegen de flammen al meters heech boppe de auto út. It fjoer wie gau ûnder kontrôle.

Troch de hjittens rekke de ynhâld fan de tank fan de auto wol hieltyd op 'e nij yn 'e brân. De brânwacht slút brânstifting net út.

(advertinsje)
(advertinsje)