Gjin fredesakkoart nei spoeddebat Tytsjerksteradiel

26 apr 2018 - 23:09

It spoeddebat oer de ynformaasje yn de gemeente Tytsjerksteradiel hat tongersdeitejûn gjin fredesakkoart opsmiten. De grutste opposysjepartijen VVD, PvdA en GrienLinks bliuwe lilk oer it ferrin fan de ynformaasje. CDA, FNP en ChristenUnie, de partijen dy't as mooglike koälysjepartners út de ynformaasje kaam binne, binne it dermei iens dat it ynformaasjeproses net iepen genôch ferrûn is. Mar se wolle fierder mei de formaasje.

Bûtenspul set

It spoeddebat ferrûn sa no en dan yn in grimmitige sfear. VVD, PvdA en GrienLinks fiele harren bûtenspul set. Sy wolle it ynformaasjeproses, of in diel dêrfan, oerdwaan. Mar Gelbrich Hoekstra, listlûker fan it CDA, de grutste partij en inisjatyfnimmer fan de ynformaasje, liet der gjin twivel oer bestean dat de formaasje troch gean moat.

Iepening

In lytse iepening kaam der troch in moasje fan D66 om gemeenteriedsbreed te praten oer de foarming fan in gemeenteriedsprogramma ûnder lieding fan in ûnôfhinklike prosesbegelieder, wêrmei't de koälysjepartners de kommende fjouwer jier oan de slach kinne. Hoewol't D66 dizze moasje even letter wer ynluts, wie der wol brede sympaty foar it idee.

(advertinsje)
(advertinsje)