10 miljoen foar Venekoten

© Omrop Fryslân
It projekt de Venekoten yn Easterwâlde kin dochs rekkenje op in bedrach fan 10 miljoen euro. Dêrmei moat it fertutearze bedriuweterrein wer opknapt wurde. Ek wurdt de wyk It Heerenkwartier opknapt.
It wie lang de fraach oft de provinsjale bydrage 3,2 miljoen euro wêze soe. Der wie mar 2,3 miljoen euro foar it projekt frijmakke. Mar troch in konstruksje fan it CDA is de lêste 900.000 euro dochs noch fûn.