Marit Bouwmeester fersteviget kopposysje yn Hyères

Sylster Marit Bouwmeester fan Warten hat tongersdei har kopposysje by de wrâldbekerwedstriid yn it Frânske Hyères ferstevige. Bouwmeester wûn de earste race op de tredde dei fan de wrâldbekerwedstriid. Yn de twadde race einige se op in tsiende posysje, genôch om har earste plak yn it klassemint fierder út te wreidzjen. Bouwmeester stiet no boppe-oan mei 19 punten en is in moai ein fuort fan de Belgyske Maite Carlier op plak twa, mei 34 punten.
''De dingen dy't we traind hawwe, gean oant no ta hiel goed'', fertelde Marit Bouwmeester nei ôfrin fan de tredde dei. ''Ik far deeglik en de start gean ek goed. Der binne noch wol wat flaterkes, mar oer it algemien giet it hjir hiel goed yn Hyères.''