"Nijbou skoalle Ferwert kostet mear as in miljoen ekstra"

26 apr 2018 - 22:30

Nijbou fan it Dockinga College yn Ferwert is op it stuit fanwegen de hegere boukosten net helber en ferantwurde. Dat seit ynterim-direkteur Kees Blokland fan de skoalle. Woansdei waard bekend dat de nijbou fan de lokaasje yn Ferwert foarearst net trochgiet, om't de boukosten heger útfalle soene as yn it foar tocht. Neffens Blokland giet it trochberekkene om mear as in miljoen euro oan ekstra kosten. Dat ekstra bedrach oan ûnderwiisjild besteegje oan in nije lokaasje, kin neffens de ynterim-direkteur net.

Ferâldere skoalle

De hjoeddeiske lokaasje fan de skoalle yn Ferwert, oan de Great Sminia yn it doarp, is ferâldere en moat nedich opknapt wurde. De gemeenteried fan Ferwerteradiel joech yn desimber 2015 al grien ljocht foar de nijbou. Ek waard der yn gearwurking mei de gemeente in finansieringsplan opsteld.

Hegere kosten

Oan de ein fan febrewaris dit jier waard by it Dockinga College stadichoan bekend dat de kosten foar de nijbou yn Ferwert heger útfalle soene as ferwachte. Dizze wike waard definityf besletten de nijbouplannen yn de iiskast te setten. Der wurdt al jierren wurke oan de nijbouplannen fan it Dockinga yn Ferwert. Sa is de nije lokaasje njonken sporthal De Heechfinne foar in part al bouklear makke, waard BCN Groep oanwiisd as adviseur by de nijbou en skeakele de skoalle in arsjitekteburo yn. Hoefolle it foartrajekt de skoalle krekt koste hat, is net bekend.

Teloarsteld

Boargemaster Van den Berg fan de gemeente Ferwerderadiel fynt it 'tige teloarstellend' dat de nijbou foarearst net trochgiet. Neffens him koe Ferwerderadiel ek gjin ekstra bydrage leverje oan de skoalle, fanwegen it weryndielingsproses dêr't de gemeente yn sit.

De nijbou fan de skoalle yn Ferwert makke ûnderdiel út fan in grutter húsfêstingsplan fan it Dockinga College. Ek yn Dokkum binne plannen foar nijbou fan ferskate ûnderwiislokaasjes. Neffens ynterim-direkteur Blokland binne dy wol helber en te beteljen, en wurde dizze plannen healwei juny presintearre.

Trefwurden: 
Dockinga College Ferwert
(advertinsje)