Eask jeugddetinsje en tbs foar jonge dy't styfheit deastuts

26 apr 2018 - 22:16

Tsjin de 17-jierrige jonge dy't in desimber ferline jier in 39-jierrige Snitser deastutsen hat, is tongersdei fjirtjin moanne jeugddetinsje en jeugd-tbs easke. De saak waard efter sletten doarren behannele troch de rjochtbank yn Ljouwert. De jonge is de eks-styfsoan fan it slachtoffer. It Iepenbier Ministearje fertinkt de jonge fan deaslach.

It 39-jierrige slachtoffer waard op 14 desimber 2017 by syn wenning oan de Johan Willem Frisostraat yn Snits delstutsen. De man ferstoar dêrnei foar syn wenning. De jonge dieder waard jûns nei ûnder mear in Burgernetoprop oppakt. Dyselde jûn waard ek noch in 16-jierrige freon fan de jonge oppakt.

It Iepenbier Ministearje moat noch beslute oft de freon ek ferfolge wurdt.

(advertinsje)