FIDEO: De boppeferdjipping fol mei de Oranjes

Har hiele boppeferdjipping stiet der fol mei: de keningshûssamling fan frou Tine Hiemstra-Kloosterman fan Burgum beslacht trije sliepkeamers en de oergong. En dy steane hielendal fol mei boeken, buordsjes, foto's, leppeltsjes, skilderijkes en wat je mar mear betinke kinne mei de Oranjes der op.
Frou Hiemstra fynt alles fan it keningshûs prachtich, mar prinses Beatrix is har grutte favoryt.