Wagenaar wint yn Reduzum

17 jun 2012 - 17:32

De frijeformaasjepartij yn Reduzum is snein in proai wurden foar it partoer fan Lisette Wagenaar, Leonie van der Graaf en Fenna Zeinstra. Yn de finale waard mei 5-4 en 6-4 wûn fan Marije Hiemstra, Martine Tiemersma en Margriet Bakker.

De lytse preemje gong nei Nynke Sijbrandij, Imke van der Leest en Wiljo Sijbrandij.

(advertinsje)