Foarsitter enkêtekommisje De Lawei: "Leare fan bouflaters"

26 apr 2018 - 21:33

Smellingerlân moat leare fan de flaters mei de ferbouwing fan De Lawei yn Drachten, om fiasko's mei nije bouprojekten foar te kommen. Dat seit Sipke Hoekstra, de foarsitter fan de gemeentlike enkêtekommisje, dy't tongersdei en woansdei twa dagen lang ferskate belutsenen by it Lawei-fiasko kritysk ûnderfrege. De ferbouwing fan it teäter koste Smellingerlân al mei al 5,4 miljoen euro mear as de 14 miljoen dy't begrutte wie.

Hoekstra sjocht der dêrom fan op dat de âld-wethâlders Nieske Ketelaar en Marja Krans, topamtners, Lawei-direkteur Avezaat en ek âld-boargemaster Tjeerd van Bekkum likegoed ferklearren dat se neat ferkeard dien hawwe. "Dat kin net sa wêze. Ik gean der fanút dat der ferskate eleminten oan te wizen binne, dy't je oars regelje kinne om sokke problemen te foarkommen."

De gemeentlike enkêtekommisje hat twa doelen: útfine wat der krekt mis gien is en oanbefellingen dwaan om fergelykbere problemen yn de takomst foar te kommen. Smellingerlân kin soks wol brûke, want de gemeente sil nei de simmerfakânsje teset mei de bou fan in nij swimbad.

De enkêtekommisje stribbet dernei, om noch foar de simmerfakânsje har rapport mei konklúzjes en oanbefellingen iepenbier te meitsjen.

(advertinsje)