Frachtweinsjauffeur ûngelok De Jouwer feroardiele

It ûngelok op 30 september 2016 © Srfotografie
De frachtweinsjauffeur dy't oardel jier lyn by De Jouwer in deadlik ûngelok feroarsake, is tongersdei troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in maksimale wurkstraf fan 240 oeren. Ek mei de man, in 28-jierrige ynwenner fan Roelofarendsveen yn Súd-Hollân, in jier lang net ride.
Straf lyk oan de eask
De straf wie lyk oan de eask fan de offisier fan justysje. Op 12 septimber 2016 ried de frachtweinsjauffeur út de rjochting fan Snits yn op in file by de rotonde fan De Jouwer. De bestjoerder yn de auto direkt foar him, in 51-jierrige Zaandammer, ferstoar fuortendaliks.
Net oppast
Neffens de rjochtbank hat de sjauffeur net oppast ûnder it riden. Ek hat de man de warskôgingsbuorden, dy't al twa kilometer foar de file stiene, oer de holle sjoen. De Súd-Hollanner moat, njonken syn wurkstraf, de neibesteanden fan it slachtoffer goed tsientûzen euro skeafergoeding betelje.