FIDEO: Op it Waad speure nei ûnbekende natuerfenomenen

26 apr 2018 - 21:18

Hawwe je wolris heard fan de stippele diseltreinwjirm? En dêr dan it aaikapsel fan? Yn de nije searje de 'Natuerdetektive' yn Fryslân Hjoed krijt ferslachjouwer Remco de Vries opdracht, om op syk te gean nei ûnbekende natuerfenomenen. Yn de earste ôflevering speurt er op it Waad by Peazens nei it aaikapsel fan de earder neamde rôfwjirm, dy't deade moksels en krabben leech sloarpet. Mar hoe sjocht soks derút?

(advertinsje)