FIDEO: Ljouwert makket him op foar Keningsdei

Yn it sintrum fan Ljouwert wiene minsken tongersdeitemiddei betiid al drok dwaande mei it reservearjen fan harren plakje foar de tradisjonele frijmerk op Keningsdei. Mei teksten as 'Sorry bezet' waarden de nedige fjouwerkante meters mei kryt ôftekene op strjitte. Op it Aldehoustertsjerkhôf waard it poadium foar it spektakel Kingsday Outdoor opboud. Hjir sille artysten as Broederliefde, BOEF en Josylvio optrede. Ek op it Wilhelminaplein, it Mata Hariplein, it Klokplein en yn de Prinsetún kinne minsken middeis en jûns fan muzyk genietsje.
De gemeente Ljouwert ferwachtet sa'n 100.000 besikers te ûntfangen op Keningsdei. Om dit yn goede banen te lieden, binne der in oantal maatregels naam. Sa is de binnenstêd ôfsletten foar it autoferkear en jildt der foar it iepenbier ferfier in oanpaste tsjinstregeling.