Taalkundige Rienk de Haan fan Burgum hommels ferstoarn

26 apr 2018 - 19:30

Taalkundige Rienk de Haan fan Burgum is woansdei hommels op 74-jierrige leeftiid ferstoarn. De Haan wurke fan 1980 oant 2004 by de Fryske Akademy.

Wurken fan syn hân

Fan syn hân ferskynden de boeken 'Wurdlist foar it offisjele ferkear' (1986), 'Wat en Hoe Fries (1989)', 'Mei freonlike groetnis (1995)', 'Terminology fan 'e saakfakken' (2000) en 'Fryske Foarnammen' (2004). Fierder wie De Haan ien fan de redakteuren fan it twadielige Fryske Hânwurdboek dat yn 2009 útkaam.

Meiwurking Omrop Fryslân

Rienk de Haan hat jierrenlang meiwurke oan programma's fan Omrop Fryslân. Sa hie er in taalrubryk yn it eardere radioprogramma 'De Middei' fan programmamakker Gurbe Douwstra en wie er sjuerylid yn oare programma's.

Trefwurden: 
Rienk de Haan taalkundige
(advertinsje)