Rjochtbank Midden-Nederland: Orka Morgan mocht ferhuze wurde

26 apr 2018 - 18:57

De rjochtbank Midden-Nederland giet net yn de fraach fan de Stichting Free Morgan mei om it sertifikaat foar de ferhuzing te ferneatigjen. De orka Morgan, dy't yn 2010 fûn waard yn de Waadsee, mocht ferhuze wurde fan it Dolfinarium nei Tenerife. Dat hat de rjochtbank útsprutsen en dat feroaret net.

Orka Morgan

Doe't de orka tige ferswakke yn de Waadsee fûn waard, waard se nei it Dolfinarium yn Harderwijk brocht om te genêzen. Yn 2011 hat de steatssekretaris fan Ekonomyske Saken in EG-sertifikaat ôfjûn, sadat it bist ferhúzje koe nei Loro Parque op Tenerife.

Beswieren Stichting Free Morgan

Neffens de Stichting Free Morgan wurde lykwols de betingsten foar ûndersyk en beskerming net neilibbe. Se tinke dat Morgan brûkt wurde sil yn in fokprogramma. Dat de orka no drachtich is, is neffens de rjochtbank ûnfoldwaande reden om oan te nimmen dat it fan it begjin ôf de bedoeling wie om Morgan te brûken om mei te fokken.

(advertinsje)