Gearwurking om tekoart húsdokters yn Fryslân oan te pakken

26 apr 2018 - 17:53

Fersekerder De Friesland, de GGD Fryslân en ferskate húsdokterferienings sille gearwurkje om it tekoart oan húsdokters yn Fryslân oan te pakken. Underdielen fan it plan binne ûnder oare dat der mear opliedingsplakken foar húsdokters komme moatte, dat jonge húsdokters yn de Rânestêd aktyf benadere wurde om hjir hinne te ferhúzjen en dat húsdokters stipe krije by it oernimmen of opsetten fan in praktyk. Direkteur Bert van der Hoek fan De Friesland hopet dat it tekoart oan húsdokters yn Ljouwert al foar de simmer oplost wurde kin. Yn de provinsje duorret dat in stik langer.

De kommende fiif jier giet sa'n 40 persint fan de Fryske húsdokters mei pensjoen. De ynstream fan nije húsdokters is lang net genôch om oan de fraach te foldwaan. Neffens Van der Hoek is it probleem sels noch grutter. Hy sjocht dat der yn de measte gefallen in húsdokter mei pensjoen giet, dy't 50 oeren yn de wike draait en dat dêr foar yn it plak faak froulju komme dy't it leafst trije of fjouwer dagen wurkje wolle. Dat betsjut dat der foar ien dokter twa nije nedich binne.

Van der Hoek is der fan oertsjûge dat der yn de takomst nea genôch húsdokters wêze sille. Om de soarch foar de boargers te garandearjen, moat ek de wize fan soarchferliening oanpast wurde.

Trefwurden: 
tekoart hûsdokters
(advertinsje)