De Groot nije Fierste Ljepper

17 jun 2012 - 17:09

Fierljepper Bart Helmholt fan Burgum is sneon yn Breda syn titel Fierste Ljepper kwytrekke. Yn it Spanjaardsgat sette Jaco de Groot út Kamerik in ôfstân fan 21.39 meter op it boerd. Helmholt, winner fan ferline jier, kaam net fierder as 20,55 meter. Tredde waard Thewis Hobma út Ljouwert, mei in sprong fan 20,10 meter.

By de froulju wie de titel Fierste Ljepper in proai foar Wendy Helmes út IJsselstein. Sy wist mei in sprong fan 16,58 meter konkurrintes Dymphie van Rooijen (16,17 m.) en Grytsje Abma út Drylts (15,35 m.) foar te bliuwen.

It spektakulêre fierljepevenemint, dat foar de tredde kear op rige organisearre waard troch Red Bull, mocht ek dit jier wer op in soad publyk rekkenje. It offisjeuze wrâldrekôr is noch altyd yn hannen fan Bart Helmholt, dy't ferline jier yn Amersfoort in geweldige ôfstan fan 22,34 meter op it boerd sette.

(advertinsje)
(advertinsje)