Krans oer De Lawei: "Mear kontrôle op bousubsydzjes"

26 apr 2018 - 17:41

De gemeente Smellingerlân moat tenei mear kontrôle ha op subsydzjes by grutte bouprojekten en sa nedich bystjoere ûnder it proses. Dat sei âld-wethâlder Marja Krans op de twadde dei fan de harksitting oer de ferbouwingsproblemen fan skouboarch De Lawei. Dêrby binne flaters makke, dy't miljoenen euro's koste ha en dat moat yn de takomst foarkommen wurde.

Marja Krans wie as wethâlder ferantwurdlik foar De Lawei. Se stapte op nei oanlieding fan dizze saak. Mar se fynt dat se dien hat, wat se op dat stuit dwaan koe. "Als je enthousiast als wethouder aan de slag gaat en niet weet dat er behoorlijk wat met zo'n dossier aan de hand is, dan is dat wel schrikken."

Neffens Krans stie net alles yn de oerdracht fan it projekt. "De Lawei was bouwheer, die deed zaken met de aannemer. Er was inderdaad gedoe, maar in de perceptie niet dermate dat dat gemeld moest worden in een overdrachtsdossier. Dan ben je daar niet van op de hoogte, als je zo'n dossier overneemt."

(advertinsje)