Streekbussen en treinen Arriva ride net troch staking

26 apr 2018 - 16:33

No moandei 30 april en tiisdei 1 maaie is der in staking yn it streekferfier. Alle streekbussen ride net en de regionale treinen fan Arriva stean ek stil. Allinnich de treinen fan de NS ride neffens de normale tsjinstregeling. De ferfierbedriuwen hawwe troch in koart pleit besocht de staking te kearen, mar de rjochter woe dizze net ferbiede.

Mei de staking wolle fakbûnen en personiel hurde ôfspraken ôftwinge mei wurkjouwers oer it ferminderjen fan de wurkdruk. Neffens harren hawwe ek passazjiers lêst fan dy hege wurkdruk. Troch te krappe rydtiden komt it faak foar dat treinen en bussen fertraging hawwe en sa misse de passazjiers soms harren oansluting.

Trefwurden: 
streekbussen staking Arriva
(advertinsje)
(advertinsje)