Drugsrider oanhâlden yn Twizel

17 jun 2012 - 16:56

Yn Twizel hat sneontenacht in man út Bûtenpost in proses-ferbaal krige foar ferskate dingen. Hy ried yn in auto wylts dat net mocht, hie in falske namme en adres opjûn en de plysje fertinkt derfan dat er ried ûnder ynfloed fan drugs.

Yn de auto lei in fleske GHB. Achter yn de auto lei in jonge dy't alhiel fan de wrâld wie. Dy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. In 16-jierrich famke dat ek yn de auto siet, is troch de plysje nei hûs brocht.

Trefwurden: 
GHB
(advertinsje)
(advertinsje)