Byldmateriaal en foarwerpen fan Escher yn Princessehof

26 apr 2018 - 16:23

Yn de kelder fan keramykmuseum it Princessehof is in lytse tentoanstelling ynrjochte oer de Ljouwerter jierren fan Escher. De lettere grafikus Maurits Cornelis Escher waard yn 1898 berne yn it Stedspaleis yn de Grutte Tsjerkestrjitte. Letter kaam dêr it Princessehof yn. Yn de tentoanstelling 'Bij Escher thuis' binne foto's, filmfragminten en foarwerpen te sjen.

Mauk, sa't Maurits neamd waard, brocht de earste fiif jier fan syn libben troch yn Ljouwert. Dêrnei ferhuze de famylje nei Arnhem. Escher hat mar ien kear werom west yn Ljouwert, doe't hy syn frou Jetta Fryslân sjen litte woe.

Escher en keramyk

It museum wol mei de eksposysje ek de bân tusken Escher en keramyk sjen litte. Hy gong in protte op reis en liet him ynspirearje troch patroanen yn lânskippen en gebouwen. Hy gie bygelyks nei it Moarske paleis Alhambra yn Granada yn Spanje. Dêr hat er in protte leard fan de geometryske patroanen yn tegels. Letter yn syn hûs yn Rome hat er sels ek tegels ûntwurpen foar de flier en de wand. Yn opdracht makke hy ek wol tegeltablo's.

Yn de presintaasje 'Bij Escher Thuis' lit it Princessehof orizjinele Moarske tegels út Spanje sjen mei it eigen wurk fan Escher. Sneon 28 april wurdt de eksposysje iepene. Dizze slút oan by de grutte tentoanstelling 'Escher op reis' yn it Fries Museum yn Ljouwert.

(advertinsje)