Johan Schikker folget Ype Smid op by SC Cambuur

26 apr 2018 - 16:01

Johan Schikker is de nije foarsitter fan de ried fan kommissarissen fan Cambuur. Mei yngong fan 1 juny begjint er yn syn funksje. Schikker folget Ype Smid op, dy't yn febrewaris 2018 it beslút naam om op te stappen by Cambuur. De oare leden fan de ried fan kommissarissen binne Jan Koster, Rudy Douma en Bert Hollander.

Schikker is berne yn Harns. Hy is bedriuwsadviseur op bestjoerlik nivo. Schikker hat wurke by Frisian Shipyard Welgelegen. Hy wie ek algemien direkteur by Thialf en tsien jier lang foarsitter by fuotbalferiening VV Harns.

(advertinsje)
(advertinsje)