Mear as 60 km te hurd

17 jun 2012 - 16:45

In 29-jierrige Koudumer is sneontejûn trapearre op mear as 60 kilometer te hurd riden. De plysje konstatearre dat op de Stienwikerwei by Wolvegea. Hy stode de kontrôle foarby mei 143 kilometer yn 'e oere. Dêr mei net hurder as 80 riden wurde.

De Koudumer moast it rydbewiis ynleverje. Tsjin him is ek proses-ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
hurdride
(advertinsje)
(advertinsje)