Mistfontein Ljouwert pronket wer sûnder snor en teksten

26 apr 2018 - 16:15

De mistfontein by it Ljouwerter stasjon is wer skjin. Op ien fan de twa wite bernehollen wiene in swarte snor en teksten spuite. De gemeente hat dy der tongersdeitemoarn ôfhelle. De dieder is noch net bekend. De gemeente hat oanjefte dien fan it bekladzjen fan de fontein.

It keunstwurk is makke troch de Spaanske keunstner Jaume Plensa en is ien fan de blikfangers fan Kulturele Haadstêd 2018.

(advertinsje)
(advertinsje)