Epke pakt goud op brêge en rek

17 jun 2012 - 16:42

Epke Zonderland hat op it NK turnjen yn Rotterdam snein de nasjonale titel pakt op de tastellen brêge en rek. Oan it rek liet Zonderland foar it earst syn trijedûbele flechtelemint sjen. Yn dyselde oefening turne er boppedat in stut mei in hiele draai. In lyts tal haperingen yn syn oefening soargen foar in úteinlike skoare fan 15,400 punten. Twadde waard Bart Deurloo mei 15,100 punten.

Op de brêge pakte Zonderland ek de titel, mei in puntetal fan 15.450. Twadde waard Melvin Ornek, it brûns wie foar Anthony van Assche.

Foar Zonderland stie it NK yn it teken fan de Olympyske Spelen yn Londen dizze simmer, dêr't er in serieuze kânshawwer is foar in medalje.

(advertinsje)