Oplichter út Donkerbroek makket 90 slachtoffers op ynternet

26 apr 2018 - 14:26

In man fan 27 jier út Donkerbroek is feroardiele ta 240 oeren wurkstraf en 6 moanne sel ûnder betingst, omdat er fia Marktplaats minsken oplichte hat. Sa'n 90 minsken wiene it slachtoffer fan syn aktiviteiten.

De rjochtbank rekkenet him ekstra oan dat er 'gebrûk makke fan kwetsbere persoanen'. De man sette 'te keap'-advertinsjes op Marktplaats, tsientallen minsken reagearren en makken jild oer. It gong soms om hûnderten euro's. De keapwaar krigen se lykwols nea tastjoerd. Nei meardere klachten is de man opspoard en oanholden.

Njonken de Marktplaatsoplichting is de man ek feroardiele foar stellerij fan kofje en diseloalje.

Trefwurden: 
oplichting Donkerbroek
(advertinsje)