Foarearst gjin offisjeel kontakt tusken Ljouwert en Malta

De stichting LF2018 hat besletten om gjin offisjele fertsjintwurdigers mear nei Malta te stjoeren, salang't de organisaasje fan de Kulturele Haadstêd yn Valletta gjin ôfstân nimt fan de kwetsende toan, dy't benammen de neibesteanden fan in fermoarde sjoernaliste treft.
De Ljouwerter organisaasje fan Kulturele Haadstêd LF2018 stjoert earst ek gjin offisjele útnûgingen mear nei Malta. De organisaasje fynt dat de wearden fan Kulturele Haadstêd no ûnder druk steane, troch de wize wêrop't de fertsjintwurdigers fan Valletta 2018 har yn de media opstelle yn de kwestje om de moard op de sjoernaliste hinne.
Daphne Caruana Galizia
De kwestje giet oer de fermoarde sjoernaliste Daphne Caruana Galizia. In healjier lyn kaam se by in bomoanslach om it libben. By in monumint yn it sintrum fan de Maltese haadstêd waarden blommen dellein en kearskes pleatst. It is in betinkplak foar de sjoernaliste wurden. Har dea wurdt sjoen as in oanslach op de parsefrijheid. Sy die ûndersyk nei korrupsje op Malta.
De baas fan Valletta 2018, Jason Micallef, sei yn in taspraak dat it betinkplak nei in healjier no wolris fuort kin. Earder namen wethâlder Sjoerd Feitsma fan Ljouwert en deputearre Sietske Poepjes al ôfstân fan de útspraken.
Keunstners tekenje petysje
Mear as 100 keunstners, artysten en skriuwers op Malta hawwe in petysje tekene foar it ôftreden fan de foarsitter fan Valletta 2018 Jason Micallef. Sa meldt de krante The Malta Independent. In oantal artysten stipet de petysje anonym, omdat se diel útmeitsje fan kulturele projekten fan Valletta 2018. De petysje giet nei de premier fan Malta Joseph Muscat.
Oerlis op Europeesk nivo
It beslút om de bestjoerlike kontakten foarearst te befriezen is naam nei breed oerlis op nasjonaal en Europeesk nivo, en nei meardere sinjalen oan de organisaasje fan Valetta 2018. Malta is op de hichte fan it Fryske beslút.
Yn in ferklearring meldt LF2018 dat parsefrijheid oan de basis stiet fan de demokratyske rjochtssteat. "Het gedachtegoed van Culturele Hoofdstad van Europa mag niet in diskrediet worden gebracht. Het is de verantwoordelijkheid van onze, van elke, Culturele Hoofdstad van Europa de waarde hiervan te verdedigen."
De direkteur fan Ljouwert-Fryslân 2018, Tjeerd van Bekkum, fynt dat de Europeeske Uny in ûndersyk ynstelle moat nei de foarsitter Micallef fan Valletta.
Boycot Valletta
De foarsitter fan it advyskomité dat Valletta as Kulturele Haadstêd fan Europa selektearre hat, Ulrich Fuchs, wol net mear nei de aktiviteiten op Malta ta. "Salang as fertsjintwurdigers fan Valletta 2018 Europeeske wearden ferneatigje, sil ik net by de eveneminten wêze", seit Fuchs yn de krante The Malta Independent.