WK ôfstannen 2015 yn Thialf

17 jun 2012 - 16:13

It WK ôfstannen yn 2015 sil ferriden wurde yn iisstadion Thialf. Dat hat it bestjoer fan it ynternasjonale reedrydbûn, ISU, snein bekend makke op de slotdei fan har kongres yn Kuala Lumpur. Nederlân sil dat jier ek de organisator wêze fan it EK shorttrack dat plakfine sil yn Dordrecht.

By it WK ôfstannen binne fan 2015 ôf twa ekstra wrâldtitels te fertsjinjen. De massastart sil dan ek in offisjeel ûnderdiel wurde fan it wrâldkampioenskip.

De ISU hat de iisbanen foar it grutste part fan de ynternasjonale toernoaien yn 2015 bekend makke. Sa sil it EK allround holden wurde yn it Russyske Chelyabinsk. It WK allround fynt plak yn Calgary en it WK shorttrack sil ferriden wurde yn Moskou. Wêr't it WK sprint holden wurdt, hat de ISU noch net bekend makke.

(advertinsje)