Eask: 10 jier sel en tbs foar deadlike stekpartij Berltsum

It Iepenbier Ministearje hat 10 jier sel en tbs mei twangferpleging easke tsjin de 57-jierrige man dy't foarich jier yn in pensjon yn Berltsum in 43-jierrige man deastuts. In 59 jierrige man rekke ek ferwûne.
De stekpartij wie op 5 augustus foarich jier, yn pensjon Welgelegen yn Berltsum. De advokate fan de fertochte seit, dat er doe út needwar hannele hat. De beide lettere slachtoffers soene him yn syn keamer opsocht ha, omdat se lêst hienen fan it lûd dat er feroarsake. De beide mannen hienen dronken.
Neffens de advokate krongen de mannen de keamer fan de fertochte binnen, en foelen se him oan. Hy soe sjoen ha dat ien fan de mannen wat yn de hân hie en dêrom helle er út mei in mes. Selsferdigening, seit de advokate.

Skizofreny en grutheidswaan

De fertochte is psychysk ûndersocht yn it Pieter Baan Centrum yn Utrecht. Dêr waarden meardere oandwaningen fêststeld, ûnder oare skizofreny en grutheidswaan. De man is fermindere tarekkenber. Hy krige medisinen foarskreaun, mar soe dêrmei opholden wêze.
De man hat earder tbs hân. Nei in stekpartij yn in biblioteek yn Deventer lei de rjochter ek tbs mei twangferpleging op.
De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.