Motorracer net goed wurden

17 jun 2012 - 16:07

In demonstraasjerace fan klassike motors yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is snein earder ophâlden omdat in dielnimmer net goed wurden is. De persoan is ophelle troch de traumahelikopter en nei it sikehûs MCL yn Ljouwert ta brocht.

It ynsidint barde doe't de wedstriid al hast dien wie. De lieding besleat dêrop de riders noch in pear rûntsjes ride te litten. Dêrnei waard de wedstriid foar dien ferklearre. De race wie organisearre troch it Rijdend Motorsport Museum fan leafhawwers fan klassike motors.

(advertinsje)