Nije farferbining nei Drachten komt der earst net

26 apr 2018 - 11:53

Der komt foarearst gjin nije farferbining nei Drachten. It provinsjebestjoer wol yngreven ûndersyk dwaan nei de mooglikheden fan alternative rûtes foardat der in beslút naam wurdt. 

Koartlyn waard bekend dat de provinsje ûnder oare sjocht nei de polder de Hege Warren, achter natuergebiet de Alde Feanen. Neffens deputearre Poepjes jilde yn dat gebiet ek oare opjeften, sa as wetterberging.

De farwei nei It Hearrenfean wurdt ek net opwurdearre. Dat betsjut dat der gjin grutte skippen troch Terherne komme te farren. Allinnich by hege útsûndering wol de provinsje tastean dat binnenfeartskippen fan sa'n 110 meter lang dy rûte nei It Hearrenfean nimme.

Om de bedriuwen op It Hearrenfean dochs temjitte te kommen wurdt sjoen oft der by it PM-kanaal in kontenerterminal komme kin. Fan dêrút wei kin dy dan oer de dyk nei Hearrenfeqan ferfierd wurde.

It Van Harinxmakanaal moat wol geskikt makke wurde foar gruttere skippen fan 110 meter lang en 11 meter breed. De provinsje sjocht it as in alternative rûte foar de binnenfeart, as bygelyks it PM-kanaal ticht is. Dat betsjut dan wol dat de spoarbrêge by Ljouwert in knyppunt wurdt. As dy brêge ferfong wurdt, set de provinsje dan ek yn op de oanlis fan in akwadukt mei it spoar ûnder it wetter troch. 

Trefwurden: 
Drachten
(advertinsje)