Van der Bos wint yn Damwâld

17 jun 2012 - 15:09

It partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat sneon yn Damwâld de fyfde frijeformaasjepartij fan dit seizoen op syn namme skreaun. Yn de finale waard mei 5-3 en 6-6 wûn fan Dirk-Yde Sjaarda, Hendrik Bouwhuis en Jouke Bosje. In moaie opstekker foar it partoer Van der Bos dat ferline wike ferrassend ferlear yn Stiens.

De lytse preemje gong nei it partoer fan Haije Jan Nicolay.

(advertinsje)