Friezen om utens: Andrys Onsman yn Australië

Wannear langesto it meast nei thús? Foar it projekt Friezen om utens ynterviewt programmamakker Miranda Werkman Friezen oer de hiele wrâld. Wannear fiele se har thús? Hoe geane se om mei feroaringen en emoasjes en spilet de Fryske taal dêr noch in rol by? En foaral: wannear langje se it meast nei thús?
Yn dizze lêste ôflevering fertelt Andrys Onsman, yn it Liwwadders, oer syn libben yn Australië. As jonkje fan 11 emigrearre hy mei de hiele húshâlding nei de oare kant fan de wrâld. Hy is dêr opgroeid, mar Ljouwert is en bliuwt it begjinpunt fan syn libben.
Friezen om utens is ûnderdiel fan Lân fan taal, LF2018. It is fan 30 maart ôf te sjen yn it Paviljoen Liwwadders.