Tal meldingen fan diskriminaasje ferdûbelet yn twa jier tiid

26 apr 2018 - 10:47

It tal meldingen fan diskriminaasje op grûn fan hendikep of groanyske sykte is yn it noarden yn 2017 opnij tanaam. De diskriminaasjemeldpunten yn Fryslân, Grinslân en Drinte krigen ferline jier 60 fan sokke meldingen, yn 2016 wiene dat der 44 en yn 2015 35. Dat docht bliken út de Diskriminaasjemonitor Noord-Nederland. Diskriminaasje op de arbeidsmerk fynt it meast plak yn it noarden.

Trefwurden: 
diskriminaasje
(advertinsje)