Keatsers PC lotsje dit jier net yn De Koornbeurs

26 apr 2018 - 10:29

De lotting foar de PC is dit jier net yn De Koornbeurs yn Frjentsjer, mar op it Sjûkelân. De lotting, op de moandei foar de keatsklassiker, is no ûnderdiel fan in foarstelling mei muzyk, dûns en kabaret. Yn de dagen dêrnei binne der ek noch spesjale aktiviteiten yn Frjentsjer. Sa binne der ûnder oare ynternasjonale wedstriden. De PC sels makket ek diel út fan de aktiviteiten.

De PC is de belangrykste keatswedstriid fan it jier. Op woansdei 1 augustus wurdt de 165ste edysje ferkeatst. 

Trefwurden: 
PC keatsen
(advertinsje)