Fytsend famke (14) ferwûne

© Google Streetview
In famke fan 14 jier út Terbant is sneon ferwûne rekke by in botsing op It Hearrenfean. Se waard op de Rottumerwei op har fyts oanriden troch in auto. Dat barde doe't twa freondintsjes de wei oerstutsen. Sy soe dat ek dwaan. In 22-jierrige autobestjoerder út St. Jânsgea gie noch boppe-op de rem stean, mar hy koe it famke net mear ûntwike. Se foel mei de fyts.
It famke is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht. It Buro Ferkearsanalyze ûndersiket de saak.