Lintsjerein: Wa hat yn dyn gemeente in lintsje krigen?

Yn Fryslân ha 82 minsken tongersdei in lintsje krigen. Sjoch hjir wa't yn dyn gemeente in lintsje krigen hat.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Tjitze van der Land (1959) út Twizelerheide
Hy wie mear as 25 jier frijwilliger by de Noordelijke Autocross Club. Ek wie er aktyf by de Nederlânske Kampioenskippen dan de KNAF (Nationale Autosport Federatie), bestjoerslid fan de Oranjevereniging Kollumerzwaag. Ek die er it ûnderhâld fan de brânmeldynstallaasje fan de Gereformeerde Kerk fan Kollumersweach en by Stichting Dorpshuis De Trije Doarpen. Fierder wie er aktyf by de brânwacht, frijwillich ambulânsesjauffeur en by it jierlikse Oldtimerfestival yn Twizelerheide.
- Barberdina Terpstra-Kerkhof (1963) út Koatstertille
Se is aktyf yn it bestjoer fan Plaatselijk Belang Kootstertille en ferantwurdlik foar it jeugd- en jongerewurk. Se is lid fan de NBG-wurkgroep Kootstertille en se wurket as teamcoach yn it NBG-rayon Bûtenpost. Se wie 30 jier frijwilliger by de Gereformeerde Kerk Vrijgemaakt te Droegeham. Se wie ûnder oare koster en jeugdliedster.
Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Auke van der Horn (1944) fan Bûtenpost
Hy is al 45 jier aktyf foar de KNVB, ûnder oare as skiedsrjochter. En ek is er bestjoerslid fan de Stichting Paardensportcommissie Buitenpost dy't jierliks it Concours Hippique organisearret. Ek wie er aktyf foar de Protestantse Kerk yn Bûtenpost, hy die it gebouwebehear en wie diaken.
- Roelof Hendrik Gebben (1948) fan Bûtenpost
Hy is in aktive plysjefrijwilliger. Hy wie oanwêzich by Prinsjesdag en oare lanlike eveneminten. Ek wie er bestjoerlik aktyf binnen de LOPV (Landelijke Organisatie voor Politievrijwilligers) as foarsitter fan it regiobestjoer Fryslân en as lid fan it haadbestjoer. Fierder wie aktyf foar de Protestantse gemeenschap yn Bûtenpost.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Antonie Arie Egas (60 jier) út Damwâld
Hy wie dûmny by de Christelijk Gereformeerde kerk te Damwâld. Ek wie er aktyf by de Christelijk Gereformeerde Kerk yn Werkendam en riedslid dêr. Ek wie er aktyf op it mêd fan ûnderwiis, by stichting Bonisa Zending,
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Truus Boomsma - van der Meer (1942) fan De Lemmer
Se hat in soad frijwilligerswurk foar tsjerke dien. Se wie foarsitter fan Christelijk Gemengd Koor "De Lofstem", fan de Nederlandse Christen Vrouwen Bond, wie âlderling en scriba by de Protestantse Gemeente Op 'e Noed. Se makke diel út fan Breed Moderamen Classis Heerenveen, wie se foarsitter fan de Passage ôfdieling Lemsterland en tsjerklik wurker by Protestantse gemeente Willemsoord-Peperga/Blesdijke. Ek wie se pastor by de Hervormde Gemeente Zwartsluis.
- IJme Dikkerboom (1944) út Sint-Jânsgea
Hy wie trainer en lieder fan it doarps/buertteam by de seiskamp. Ek siet er goed 20 jier yn it bestjoer fan IJsclub Eensgezindheid. Hy wie foarsitter, spiler en grimeur by toanielfereniening "de Reidkraach" en spile jierren foar Sinteklaas. Hy wie jierren aktyf by it frouljusalvetal en skiedsrjochter by fuotbalferiening D.W.P Sintjohannesga. Ek organisearret er de moanlikse bingo.
- Janny Poorte - Bakker (1948) út Aldemardum
Se wie as frijwilliger aktyf by tsjerke. Se wie scriba by de Protestantse Gemeente Echtenerbrug/Oosterzee, foarsitter fan de tsjerkeried fan de Protestantse Gemeente Oudemirdum, Nijemirdum en Sondel, lid fan de Liturgiecommissie en âlderling. Ek is se aktyf lid fan de Bazaarcommissie "De Fontein" en wurket se as mantelsoarger.
- Kitty IJsselmuiden - Popma (1945) fan De Jouwer
Se wie aktyf as frijwillichster yn de toanielwrâld. Sûnt de oprjochting fan de Stichting SBTS sit se yn it bestjoer. Ek wurke se as grimeur en kleanmeiwurker by Stichting Sinterklaassprookje Skarsterlân, Westermar Toneel, Fryske Krite De Jouwer, Het Vlecke Toneel en Showband Con Spirito.
- Paul IJsselmuiden (1942) fan De Jouwer
Hy wie aktyf as frijwilliger yn de toanielwrâld, wie hast 20 jier bestjoerslid by de Stichting SBTS en docht ek it behear fan it gebou fan de Stichting SBTS. Ek wurke er as dekôrûntwerper en -bouwer, ljocht- en lûdsman bij Stichting Sinterklaassprookje Skarsterlân, Westermar Toneel, Fryske Krite De Jouwer en Het Vlecke Toneel.
- Marten Speerstra (1949) fan De Lemmer
Hy wie op tal fan fronten aktyf as frijwilliger. Hy wie bestjoerslid en foarzitter fan CDA Lemsterland en siet yn de steunfraksje fan it CDA gemeenteried Lemsterland. Ek wie er riedslid by de gemeente Lemsterland en bestjoerslid fan CDA Fryslân. Fierder wie er bestjoerslid en foarsitter fan IJsvereniging Lemmer en lid fan it deistich bestjoer Wetterskip Boarn en Klif. No is er sekretaris by de Stichting Iepenwacht, rûnlieder en foarsitter fan de frijwilligersried besikerssintrum Ir. Woudagemaal en bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân. Hy is ek frijwilliger en bouwer fan ûnderkommens foar de Stichting Bulamu Kinderdorp in Nederlân en Oeganda.
- Albert Holtrop (1962) fan De Jouwer
Hy wie aktyf as bestjoerslid fan de Ondernemersvereniging Skarsterlân, de Stichting Friese Ballonfeesten en de lanlike branzjeferiening D.W.S. fan dak- en gevelwandbedriuwen. Hy is ponghâlder fan de Stichting Startpunt en set him yn as bestjoerslid foar de Stichting Behoud Hobbe van Baerdt Tsjerke Joure.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Rixtje Visser-Smidt (75 jier) út Peazens
Se wie frijwillichster by de Hervormde Gemeente Peasens-Moddergat en by museum It Fiskershûske yn Moddergat.
- Anske Halma (70 jier) út Dokkum
Hy wie aktyf as frijwilliger op de Sionsberg-bus, by it Lichtpunt yn Kollumersweach en foar Stichting Dodado.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Jan Bos (66 jier) út Easterwâlde
Hy wie gymnastykdosint oan it Stellingwerf College en die in soad oare taken op skoalle. Ek wie er mantelsoarger foar syn frou en soan.
- Roel Wink (70 jier) út Haulerwyk
Hy wie foarsitter fan de ûndernimmersferiening, frijwilliger by St. Exodus, bestjoerslid by Plaatselijk Belang, belutsen by it swimbad, gemeenteriedslid en frijwilliger by ûnder oare St. Vluchtelingenwerk en wensoarchsintrum "Sinnehiem".
- Hotze Punter (69 jier) út Makkingea
Hy wie ponghâlder by Dorpsbelang Makkinga, Nederland Hervormde Gemeente Frieslands End, St. Dorpshuis Makkinga, "de Laatste Eer" te Makkinga, Makkinga 600 jaar" en merkmaster by Vlomarkt.
- Adriaan Joosse (80 jier) út Donkerbroek
Hy wie frijwilliger by PKN Mariakerk yn Mantgum, ponghâlder by kuorbalferiening WTEF, by toanielferiening " Resitearcollege Frisia van 1874". Ek wie er ûnder oare aktyf by Nederlandse Rode Kruis, Maag Lever Darm Stichting, by doarpskrante "Mandeguod", MFC "De Wjukken", Jeu de Boulesvereniging "Wjukslach", organisearre er konserten by St. Unia State yn Bears, de feteranedei en wie er frijwilliger by feterane-ynstitút yn Doorn.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Wietske van der Veen (69 jier) út Hallum
Se hat in soad dien op it mêd fan pleechsoarch, flechtlingewurk en foar tsjerke.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Hilde Christine Bolman (1955) út Harns
Se wie bestjoerslid by St. CC1945 Harlingen, Anton Wachterprijs, Stichting voor Openbaar Voortgezet Onderwijs in Noordwest Friesland en aktyf by de priisútrikking Harlingen-Terschelling sylrace.
- Henderikus Johannes Metz (1940) út Harns
Hy wie koster by de rk-tsjerke, foarsitter fan RKVV Robur, presintator Radio Stad Harlingen, bestjoerslid Stichting Sport Promotie Haringen, frijwilliger Vogelwacht, aktyf by biljertclub en Mens in Nood.
- Jan Jellema (1982) út Winaam
Hy wie riedslid fan Harlinger Belang en lid fan ferskate kommisjes.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Geert Cnossen (72) fan It Hearrenfean
Hy wie foarsitter en lid fan it College van kerkrentmeesters van de Protestantse Gemeente Heerenveen. Ek wie er aktyf by de stichting tot Beheer en Bestuur van het Fonds de voormalige Schoter- en Slijkenburgerzijl en 28 jaar lid fan de lederied fan fersekerder Achmea, lid fan it Algemeen Bestuur fan Waterschap Sevenwolden en bestjoerslid fan suvelorganisaasje De Takomst yn Wolvegea en de Coöperatieve Condens Fabriek yn Ljouwert.
- Manfred Hoekstra (70) fan It Hearrenfean
Hy wie sekretaris fan de Johan Willem Friso Loge no. 61, foarsitter fan de Postactieven Belastingdienst, afdeling Friesland, skriuwer fan de Volkstuinvereniging Heerenveen en frijwilliger by de Julia Jan Wouter Hospice regio Herenveen en Weststellingwerf e.o.
- Klaasje Koopman-de Vries (76) fan It Hearrenfean
Se wie frijwilliger by Coornhertstate, de stichting Heerenveense Zieken- en Bejaarden Omroep, Mariënbosch en foarsitter fan de Bejaardensoos Oudeschoot.
Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Wolter Erik Postma (67) fan It Hearrenfean
Hy wie aktyf by by Progressief Joodse Gemeente Noord-Nederland, by de PvdA, wie 14 jier ponghâlder by Liberaal Joodse Gemeente Noord-Nederland, bestjoerslid Stichting Centrum Informatie en Documentatie Israël, by Liberaal Joodse Gemeente Amsterdam en foarsitter by Liberaal Joodse Gemeente Noord-Nederland.
- Lykele van der Ven (74) út Aldeboarn
Hy wie aktyf by de Protestantse gemeente Aldeboarn, foarsitter fan de stichting doarpskrante 'de Tuorkesmjitter', fan de stichting Aldheidskeamer 'Uldrik Bottema' bestjoerslid fan de Stichting Tsjerkepaad yn Fryslân.
Offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Gerregien Eikelboom (64) fan Jobbegea
Se wie lid fan de Raad van Commissarissen fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland, 26 jier foarsitter fan de Raad van Bestuur fan de Stichting Revalidatie Friesland, bestjoerslid/sekretaris fan it Ronald McDonald Huis en bestjoerslid fan de stichting Herstel & Balans.
Bernelintsjes:
- Maura Veensma (16) út Nijhoarne
Se is frijwillichster by Pottenbakkerij De Diggel.
- Xander ten Den (15) fan It Hearrenfean
Hy is aktyf by jongeresintrum Casa.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Emmy Kloppenburg-Dijk (72 jier) út Boerum
Se is sûnt 1960 fan de Protestantse Gemeente Burum/Mennekezijl/Warfstermolen.
- Eeuw Fennema-Brinkman (78 jier) fan De Triemen
Se wie aktyf op tsjerklik mêd. Se wie frijwillichster by de Unie van Vrijwilligers, by de Hervormde Gemeente Oudwoude-Westergeest. Se is ek presidint fan de Hervormde Vrouwengroep De Triemen.
- Eelke Anne de Boer (65 jier) út Kollumersweach
Hy is aktyf by de Hervormde Kerk en by de EHBO, bestjoerslid by Stichting Aktivo, De Laatste Eer.
- Doetje de Boer-Kloosterman (68) út Kollumersweach
Se is frijwillichster by de Hervormde Kerk. Se wie ûnder oare âlderling en koördinator fan de Actie Roemenië. Ek wie se sekretaris fan doarpshûs de Trije Doarpen en wie se mei-oprjochter fan 'D'r net foar wei'.
- Hendrik Dijkstra (72 jier) út Kollum
Hy wie aktyf by fûgelferiening De Edelzangers, Rayon Oost van de Nederlandse Bond van Vogelliefhebbers (NBVV) en by de Protestantse Gemeente Kollum. Ek wurket er foar folkstunen en by it Kollumer Amateur Toneel. It pear beheart tsjerkegebou Pro Rege.
- Pietje Dijkstra-Riemersma (70) út Kollum
Se wie aktyf as frijwilliger by Meckema State yn Kollum. Se docht ek kollektes.
- Cornelis Alle Hellinga (64 jier) út Kollum
Hy wie aktyf by de fuotbalferiening yn Kollum, de ûndernimmersferiening De Handel, Industrie en Middenstand (HIM) te Kollum. Ek is er foarsitter fan de Stichting Activiteiten Platform Kollum.
- Johannes van der Heide (70) út Muntsjesyl
Hy is aktyf foar kuorbalferiening De Lauwers yn Warfstermûne, ek wie er bestjoerslid fan de Oranjecommissie Munnekezijl.
- Willemke van der Heide-Zijlstra (67) út Muntsjesyl
Sy is aktyf foar kuorbalferiening De Lauwers yn Warfstermûne. Ek wie se bestjoerslid fan Plaatselijk Belang en die se wurk foar tsjerke.
- Jitske Feenstra-Nijboer (66 jier) út Kollumersweach
Se wie bestjoerslid fan de Hervormde Ds. Griffijnschool en aktyf foar Vrouwenvereniging NCVB Passage, aktyf foar de Hervormde Kerk.
- IJtje Ruurdina van der Schaaf-de Boer (73 jier) fan De Triemen
Se is aktyf by it Rode Kruis, frijwillichster by Stichting Dorpshuis en Ontmoetingscentrum Fokkema's Pleats te Westergeest en aktyf foar de Protestantse Gemeente te Oudwoude-Westergeest.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Erik Klomp (1947) út Ljouwert
Hy hat ferskate funksjes dien by Roeivereniging Wetterwille. Ek wie er ponghâlder fan Toonkunstkoor Concordia, koarkommissaris, lid fan de Muziekcommissie en gasthear by konserten. Ek wie er foarsitter fan de Seniorenclub Jorritsma Bouw Bolsward, foarsitter fan de Probusclub De Doorlopers, lid fan de Raad van Toezicht fan de Stichting Rendant. De lêste jierren is gids, skipper en foarsitter fan de Stichting Praamvaren Leeuwarden.
- Elisabeth Cornelia van Leeuwen-Wijker (1945) út Ljouwert
Se wie bestjoerslid fan it Nederlandse Rode Kruis en foarsitter fan de Unie van Vrijwilligers yn Ljouwert. Se is foarsitter fan de ferhier- en behearskommisje fan Stichting Sint Anthony Gasthuis yn de stêd.
- Anna Margaretha Catharina Veenendaal (1947) út Ljouwert
Se is al mear as 20 jaar aktyf binnen Orpheus, in lanlike feriening foar helpferliening by gefoelens fan homo- of biseksualiteit yn in heterorelaasje. Ek jout se foarljochting en workshops. Se wurket ek by COC Friesland. Se wie ek mantelsoarger.
- Sybrandus van der Meer (1949) út Ljouwert
Hy siet yn gemeentebelangen yn de eardere gemeente Boarnsterhim. Hy wie mei inisjatyfnimmer fan it pontsje by Yn 'e Lijte en makke him sterk foar sportfasiliteiten foar falide en minder falide minsken.
- Sas Rienk Jepkema (1946) út Leons
Hy set him al 37 jaar yn foar Húns en Leons, beheart argiven en organisearret biljert- en kaartaktiviteiten. Ek is er aktyf by it keatsbûn en by de Ring van Leeuwarden, in feriening fan lytse ûndernimmingen om Ljouwert hinne dy't har profilearje wolle op toeristysk mêd.
- Petronella Antonia Maria Slagter-Adelaar (1954) út Hijum
Se wie as lid en riedslid aktyf by Gemeente Belangen Leeuwarderadeel. Ek wie se foarsitter fan de Watersportvereniging De Klompskippers en foarsitter fan de Vereniging van Dorpsbelang.
- Martha van der Meij-Boonstra (1940) út Stiens
Se is al 25 jier frijwilliger by de Unie van Vrijwilligers yn Ljouwert. En se wurket by Museum De Grutterswinkel en gastfrou yn it Theehuis op it Noarderbegraafplak. Fierder is se âlderling by de Gereformeerde kerk De Hege Stins yn Stiens en twadde foarsitter by sjongferiening Looft Den Heer yn Stiens.
- Marco Steven Luik (1968) út Stiens
Hy is frijwilliger by Muziekvereniging Studio Stiens en by Showband Takostu Stiens. Ek wie aktyf by Handbalvereniging Friese Handbal Combinatie as ûnder oare bestjoerslid en skiedsrjochter. En hy is belutsen by fuotbalferiening SC Stiens.
Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Nanja Johanna van der Meulen-Zandberg út Ljouwert
Se wie belutsen by de Astma Patiëntenvereniging as kaderlid yn de regioried fan Fryslân en regiokontaktpersoan. As foarsitter fan de lanlike ôfdieling droech se by oan fúzjes fan de Astmapatiëntenvereniging VbbA, de Cara Patiënten-Vereniging en het Longfonds. Se sette har ûnder oare yn foar in klankboerdgroep foar âlden. Se wie mei-oprjochter en foarsitter by de Stichting De Zonzoekers en frijwilliger by de Stichting Dag Herdenkingen Geweldsslachtoffers. Ek wurke se by de Vrouwenvereniging fan de Gereformeerde Kerk, de Wandelclub De Vluchtheuvel en de bewennerskommisje fan de Hooidollen.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Jetske van der Beek-Holtrop (1953) út Oerterp
Se is sekretaresse Stichting Pypskoft en helpt by aktiviteiten. Se is belutsen by de Gereformeerde kerk, hat kontakt mei de tsjerke fan Heringsdorf yn de eardere DDR).
- Siemon van der Beek (1952) út Oerterp
Hy is aktyf by Stichting Klubwerk Pypskoft, ponghâlder by Philadelphia/Sien.
- Klaske de Vries (1955) út Wynjewâld
Se is organist yn tal fan tsjerken, aktyf as begelieder fan koaren en spilet by rou- en troutsjinsten.
Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Kees Roeleveld (1949) út Lippenhuzen
Hy wie bestjoerder by CNV Kostersbond, koster by Gereformeerde kerk Zaandam. Hy starte Song en Praise koor by Gereformeerde kerk yn Hilversum, behearder Witte Kerk op De Himrik, lid fan it Gom fan de PKN kerken yn Nederlân, lid Algemeen vergadering pensioenfonds. Ek wie er slûswachter.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Ale Jarig Romar (1963) fan Lies
Hy krijt in lintsje om't er 16 jier lid wie fan de gemeenteried Skylge.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Trijntje Eringa-Dijkstra (1942) út Burchwert
Se wie sekretaris by de Landbouwschool yn Wytmarsum, fan de basisskoalle 'It Skûlplak' yn Burchwert, wie aktyf by de PKN gemeente Burchwert/Hartwert/Hichtum, koster fan de Johanneskerk yn Burchwert en aktyf by de Stichting Sneek 1940-1945.
- Roelof Galema (1957) út Boalsert
Hy wie 21 jier lid fan de frijwillige brânwacht.
- Harmen Haagsma (1943) út Gaast
Hy wie bestjoerslid fan de Vereniging Dorpsbelang yn Gaast, fan de begraffenisferiening 'De Laatste Eer' yn Gaast, doarpshûs 'De Fûke' en kantine 'De Boppeslach' yn Gaast, foarsitter fan klaverjasferiening, mei-organisator fan it doarpsfeest en sjauffeur by de Stichting Buurtbus Makkum-Hindeloopen.
- Akke de Jager-Piersma (1936) út Boalsert
Se wie mantelsoarger, frijwillichster by de rommelmerk, by Zorggroep Patyna, by Chr. Maatschappelijke Vrouwenbeweging Passage, en al goed 20 jier kollektant'.
- Bauke de Jong (1951) út Snits
Hy is frijwilliger by Advendo Korpsen, sekretaris fan de Stichting Vrienden van Advendo, fan de Stichting De Sneker Pan, Dicky van der Werffonds, Sinterklaascommissie, en wie sekretaris fan de Sintrale Kommisje Skûtsjesilen.
- Sibbeltje de Jong-Schootstra (1950) út Goaiïngea
Se wie lid fan Werkgroep Amnesty International, belutsen by mingd koar 'Lytse Krêft' yn Gau, lid ombudsteam fan de PvdA Wymbritseradiel, bestjoerslid fan de Federatie voor muziek- en zangverenigingen (FeMuZa) yn Súdwest-Fryslân), lid fan de Cliëntenraad Zorggroep Patyna, aktyf by de PKN gemeente 'De Lege Geaen'.
- Jan Keuvelaar (1943) uit Boalsert
Hy wie foarsitter fan de Wijkkerkenraad West fan de Gereformeerde Kerk, bestjoerslid fan skoalmienskip Titus Brandsma, stedsgids, redaksjelid fan Bolsward Historie, lid fan de wurkgroep Geschiedenis van de Stichting Bolsward Historie, meiwurker by it argivearjen fan gemeentlike dokuminten, behearder fan de Oudheidkamer yn Boalsert.
- Maria Aleida Theresia Slippens-Kupers (1947) út Snits
Se wie frijwillichster by de rk-parochy yn Snits, aktyf by follybalferiening Animo en by de Voedselbank.
- Hendrika Terpstra-Weersma (1943) út Heech
Se wie pleechâlder, aktyf by de PKN tsjerke, âlderling by Talma State in Heeg, bestjoerslid en foarsitter fan Chr. Gemengd koar 'Nije Moed' yn Easthim, frijwilliger by de Fryske Wike yn it Roosevelthuis yn Doorn.
- Siebe Tjalma (1952) fan It Heidenskip
Hy wie mei-oprjochter en ponghâlder fan Fierljepferiening It Heidenskip, aktyf by doarpshûs 'It Swaeigat', belutsen by de IJswegencentrale, bestjoerslid fan de Vogelwacht Workum, dekôrbouwer by toanielferiening 'Yn it oare fel', kommisjelid fan de Nationale Fierljep Manifestatie, belutsen by de Greidefûgelklup 'Fûgelûntwyk it Heidenskip'.
- Jacob van der Valk (1958) út Warkum
Hy wie bestjoerslid fan de Chr. Boeren- en Tuinders Bond (thans LTO), basisskoalle 'Doltesskoalle', foarsitter fan it CDA yn it eardere Nijefurd, sekretaris fan de Ruitervereniging Morraruters yn Koudum, frijwilliger by De Klameare, bestjoerslid fan de Agrarische Natuurvereniging Kuststripe, Vereniging Plaatselijk Belang Workum, en adviseur by Stichting Promotie Workum en stichting Exploitatie Rolpeal.
- Geertruida Adriana Maria Vervaart-van der Valk (1957) út Warkum
Se wie oprjochter fan opfang Hummelhiem yn Workum, frijvrijwillichster by de stichting Te Plak, by de werkgroep OEPS, by teätergroep Hummelfreules, stichting Workum Bruist, stichting Promotie Workum. Ek joech se dûnsles en wie se aktyf by de Klameare.
- Bernardus de Vries (1939) út Warkum
Hy wie 50 jier frijwilliger by de Atletiek Vereniging Horror yn Snits, by de R.K. parochy Sint Werenfridus yn Warkum en organist. Ek wie er dirigint, fersoarge rûnliedingen, frijwilliger by it Sint Nicolaas Comité Workum, by Patyna en by it Museum Kerkelijke Kunst te Warkum.
- Uiltje Gerhardus (Ultsje) Wiersma (1953) út Wommels
Hy wie aktyf by de tsjerke yn Wommels, sette him yn foar de bân mei partnergemeente yn Roemenië, bestjoerslid fan de Ferieniging Kollektyf Wynmûnebesit, riedslid fan Littenseradiel, organisator fan de Slachterin, foarsitter fan de Wommelser Enerzjy Koöperaasje.
- Gerben Doede Wijnja (1954) út Tsjerkwert
Hy wie frijwilliger by basisskoalle De Bron yn Boalsert, redaksjelid fan 'de Utskoat' en doarpskrante 'it Skieppesturtsje', mûnder yn Sint-Jânsgea en Tsjerkwert, bestjoerder fan 'Kunstrijk Tjerkwert' en frijwilliger foar de webside fan Tsjerkwert.
Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Johanneke Marijke Hein-van der Hoek (1947) út Burchwert
Se wie aktyf by de Liberaal Joodse Gemeente (LJG) Arnhem, levere bydagen oan it ta stân kommen fan de nieuwe Sidoer, wie foarsitter fan de Liberaal Joodse Gemeente Arnhem/Gelderland. lid fan it haadbestjoer fan it Nederlands Verbond voor Progressief Jodendom, aktyf by de Progressief Joodse Gemeente Noord-Nederland, dosinte by de kursus Theologische Vorming yn Snits, foarsitter fan de Progressief Joodse Gemeente Noord-Nederland en bestjoerslid fan Dorpsbelang Burgwerd.
- Fouke de Vries (1952) fan It Heidenskip
Hy wie aktyf by de Protestantse Gemeente It Heidenskip, mei-oprjochter en sekretaris fan fierljepferiening It Heidenskip, ponghâlder by basisskoalle 'De Brêge', by de Friese Land- en Tuinbouw Organisatie, foarsitter fan de Christelijke Muziekvereniging Studio It Heidenskip, aktyf by de Agrarische Natuur Vereniging (ANV) de Súdwesthoeke te Koudum, wurkgroep Skriezekrige Idzegea, blaasorkest 'De Snippefangers' yn Bakhuzen en de wurkgroep Fûgelûntwyk It Heidenskip.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Janneke Grietje Haas-Vlasma (1948) út Burgum
Se wie frijwilliger by wolwêzenswurk, Voedselbank in Burgum, by BurgumMobyl, it Hofje van Berchhiem. Ek is se aktyf yn tsjerke.
- Arjen Bootsma (1951) út Burgum
Hy wie earder yn Wurdum aktyf foar de fuotbalklup en tsjerke. Yn Burgum wie er frijwilliger by fuotbalferiening BCV, ek wie aktyf by PCBS "De Arke", CNV Vakcentrale en by de Protestantse Gemeente te Burgum.
- Gerhardus Johannes van Hooff (1944) út Burgum
Hy hat is soad dien foar de tafeltennisferiening yn Burgum en fersoarge er it akwarium yn Berchhiem en de klassike lústerklup.
- Jan Cornelis Douma (1946) út Burgum
Hy wie aktyf by fuotbalklup BCV, ek wie er mei-oprjochter fan it klupblêd fan BCV. Fierder wie er aktyf foar de Protestantse Gemeente Burgum.
- Anje Hinke Wester-Koopmans (1960) út Earnewâld
Se is inisjator fan it projekt Ljochtstill yn it Nationale Park Alde Feanen. Se wie bestjoerslid fan Stichting Kulturele Haadstêd en rjochte Stichting Klaas Koopmans op. Ek wie se aktyf by It Fryske Gea en Doarpsbelang Earnewâld, de master Frankeskoalle Earnewâld en de Gereformeerde kerk. Fierder wie se foarsitter fan de fuotbalferiening yn Garyp en riedslid foar de FNP.
Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau:
- Cornelis Albert Eggink (70) út Skalsum
Hy is belutsen by de Rotaryclub yn Frjentsjer. Ek is er aktyf foar Stichting Het Klaarkampster Weeshuis, Schaatstrainingsclub De Eskimo's yn Frjentsjer, de Stichting IJsclub Leeuwarden.
- Jan Posseth (76) út Marsum
Hy is frijwilliger by keatsferiening Foarút en by de Stichting Humanitaire Transportgroep. Hy is sjauffeur foar helptransporten nei East-Europeeske lannen, Iran en Yndia.
- Johannes van der Ploeg (68) út Frjentsjer
Hy is belutsen by keatsferiening Jan Bogstra yn Frjentsjer. Hy is speaker/gasthear by de PC, ponghâlder by de Federatie Franekeradeel, aktyf by de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond (KNKB). Hy is ek frijwilliger by it Keatsmuseum.
- Jan Metselaar (69) út Deinum
Hy wie aktyf by de Koninklijke Nederlandse Kaatsbond yn Frjentsjer, ponghâlder by Kaatsvereniging Deinum en by de Federatie Menaldumadeel. Hy wie belutsen by it takennen fan de stimulearringspriis foar jong talint fan de PC, aktyf by de Vereniging van de Vrienden van het Kaatsmuseum Franeker. Ek is er aktyf by de FNV belastinggroep Frjentsjer, Humanitas en wie er ponghâlder by biljertferiening Ons Genoegen yn Menaam.
- Trea Noteboom-Vaartjes (49) út Dronryp
Se is frijwilliger by de Christelijke Drumband Concordia te Seisbierrum as ynstruktrise. Se is sekretaris fan it CDA yn Menameradiel. Fierder is se aktyf by boarterstúnferiening It Skroefke yn Dronryp en by de Protestantse Gemeente te Dronryp.
- Arend Dijkstra (67) út Menaam
Hy wie foarsitter fan de Vereniging voor Christelijk Volksonderwijs yn Menaam, lid fan de Raad van Toezicht by de Rabobank Noordwest-Friesland, ponghâlder foar it CDA Menameradiel, scriba by de Protestantse Gemeente Dronryp en âlderling. Hy is sekretaris fan Stichting Vrienden fan Ny Statelân.
- Bernard Pijper (67) út Frjentsjer
Hy wie foarsitter fan Schaakclub Franeker en aktyf by hurdfytsorganisaasjes, lykas de Leeuwarder Wieler Vereniging, de Friesche Leeuw, Wielervierdaagse Friesland en de Ronde van Franeker. Hy wie foarsitter fan de Gonnie Brouwer Memorial wielerwedstrijd, fytstrainer by De Pinguins yn Grou, aktyf by de Koninklijke Nederlandse Wielren Unie (KNWU), en by Radio Eenhoorn as sportferslachjouwer.