Lintsjerein: 82 Friezen beneamd yn Oarder fan Oranje-Nassau

26 apr 2018 - 12:00

Yn Fryslân ha 82 minsken tongersdei in lintsje krigen. Dat binne seis minder as it jier dêrfoar. Fan dy dekorearren waarden 73 minsken beneamd ta Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau, acht waarden beneamd ta Ridder en sels ien persoan waard beneamd ta Offisier.

Mei elkoar krigen 33 froulju en 49 manlju de fersiersels opspjelde. Fiif kear krige in pear beide, dus man en frou, in lintsje. De âldste wie Akke de Jager-Piersma (1936) en de jongste wie Jan Jellema út Winaam (1982). De gemeente Hearrenfean rikte dit jier foar it earst ek twa bernelintsjes út.

Yn 15 Fryske gemeenten ha de boargemasters yn it spier west, yn fiif gemeenten wie der neat te rêden: Smellingerlân, Weststellingwerf, It Amelân, Skiermûntseach, Flylân. Drok wie it yn de gruttere gemeenten lykas De Fryske Marren (7), Ljouwert (10) en Súdwest-Fryslân spande de kroan mei 17 lintsjes. Mar ek yn Kollumerlân krigen mar leafst alve minsken in lintsje útrikt.

Hoe makkest kâns op in lintsje?

De measte minsken dy't beneamd binne, ha jierrenlang as frijwilliger aktyf west foar tsjerke of sportferiening, se dienen bestjoersfunksjes by in koar of toanielklup, wurken by de brânwacht en wienen mantelsoarger.

Sjoch hjir yn watfoar gemeenten, en oan wa, de lintsjes útrikt binne.

Bernelintsjes

Net allinnich folwoeksenen ha tongersdei in lintsje krigen. Op It Hearrenfean binne de earste bernelintsjes fan Fryslân útrikt. Xander ten Den fan 15 jier en Maura Veensma fan 16 jier âld ha in beleanning krigen fan de gemeente. De bern sette harren no al frijwillich yn, om oare minsken te helpen. In de riedseal fan it gemeentehûs op it Hearrenfean ha se it lintsje krigen fan boargemaster Tjeerd van der Zwan.

It idee om bern ek yn it sintsje te setten troch it wurk dat se foar oaren dogge, is ûntstien yn de gemeenteried. Der binne in hiel soad bern oanmelden, dus takom jier sille de bernelintsjes wer op It Hearrenfean útrikt wurde.

(advertinsje)