Kollum: "Terms of Service"

Op dit stuit steane yn myn mailbox in pear berjochten klear dy't ik noch lêze moat. Ik sjoch der net nei út. It giet om nije Terms Of Service and Privacy Policy. En wol foar Twitter, Facebook, Yahoo, Google, PayPal, YouTube en Instagram. Allegearre kamen se yn de ôfrûne twa wiken mei nije dokuminten oer privacy, en it sil gjin tafal wêze dat dit komt koart neidat der in soad te dwaan is oer privacy by Facebook. Dat barde faker, mar it Cambridge Analytica-skandaal wêrby't de gegevens fan 87 miljoen minsken sammele waarden om god knows what mei te dwaan, is fierwei it grutst en slimst. En dat kaam foarige moanne nei bûten.
Wat PayPal en Instagram no wolle wit ik net, mar it Cambridge Analytica-ferhaal giet oer desynformaasje op sosjale media. En dat hâldt my dochs aardich dwaande. Juster kaam it nijs dat de Europeeske Kommisje in EU-brede oanpak wol fan de fersprieding fan nepnijs fia ynternet. Se ha it oer gedrachskoades foar sosjale media en oer betroubere fact checkers.
Punt is dat de EU hjirmei al in kear op syn bek gien is. Se ha in buro optúgd dat pro-Russysk nepnijs oan 'e skandepeal nagelje moast. Dêr waarden ek webloch GeenStijl, de krante De Gelderlander en de stjoerder Radio 1 oanmerke as fersprieders fan nepnijs. No soe dat bêst kinne, want ik ha net checkt wêr't it oer giet, en bin ek net yn steat om yn Ruslân te checken of soks dan nepnijs wêze soe, mar it klinkt net okay. Ophef yn 'e Twadde Keamer wie it gefolch.
Ik tink dat it probleem hjirmei foaral is datst stjoerders fan nepnijs nea tsjinhâlde silst. Ik fyn it tige de fraach oftst dy nije werklikheid feroarje kinst, sûnder datst yn botsing komst mei de frijheid fan de parse of de frijheid fan mieningsutering. Rjochtsje dêr mar ris in buro foar yn, mei gedrachskoades, dy't dy einleaze Terms Of Service and Privacy Policy as útkomst ha.
Hoe diene we dat eartiids? Doe wie de krante in meneer, en dy leauden we. Oft it no de Ljouwerter wie, de Volkskrant of The New York Times - as it der yn stie, dan wie it sa. Doe kamen der mear boarnen by foar ús nijs: de radio kaam en de telefyzje, mei omroppen fan in bepaalde snit. Der wiene gesinnen dy't foar al it nijs it kristlike Friesch Dagblad en de NCRV as boarnen hienen; oaren hienen de sosjalistyske Volkskrant en de VARA. Ik bedoel: op himsels is der net in protte nijs ûnder de sinne. It wie dúdlik dat de VARA read wie; dêr wie it hiele bestean fan dy omrop op boud.
En doe kaam it ynternet, de grutte boarne fan ynformaasje. Iderien hie potinsjeel in miljoenepublyk, en dat is in machtich yts. Elkenien kin in berjocht de wrâld yn stjoere, en holpen troch Facebook kin dat by in gewillich publyk telâne komme. Mar de kwaliteit fan elk berjocht hinget ôf fan twa faktoaren: it berjocht sels én de ôfstjoerder fan it berjocht. Ik bedoel: as in bern brân ropt op strjitte, is de reaksje oars as wannear't in folwoeksen frou dat docht. En dat lêste binne we yn de ôfrûne jierren op ien of oare manier fergetten.
Miskien moat op nijssites en sosjale media-accounts ferplicht in stikje tekst komme oer de eftergrûn, dêr't de smaak fan de ôfstjoerder op stiet, de yngrediïnten. As alle ôfstjoerders dat fermelde, dan kinne wy, de ûntfangers fan berjochten, altyd sjen wat der allegearre yn mjukse is oan kleurstoffen. En sa komt de ferantwurdlikheid foar nepnijs te lizzen dêr't er heart: by de ûntfangers, by ús, konsuminten.
Omrop Fryslân: regionale stjoerder fan Fryslân, nijsredaksje mei in x-oantal meiwurkers, aktyf op radio, telefyzje en ynternet, betelle troch Ryk, Provinsje en de NOS, en mei reklame. Sokssawat.
Sa'n tekst makket mear dúdlik foar elkenien as in EU-buro kin. Of as nije Terms Of Service and Privacy Policy's fan tsientallen kantsjes tekst yn lytse letterkes. Want al dy berjochten yn myn mailbox... ferdwine dochs ongelezen yn it argyf.