Jierren fan striid tsjin oergewicht binne net om 'e nocht

26 apr 2018 - 07:21

It oergewicht ûnder bern yn de gemeente Smellingerlân nimt ôf. Dat blykt út sifers fan de jeugdsûnenssoarch. Dat is opfallend, omdat lanlik sjoen de bern hieltyd swierder wurde.

Dat it yn Smellingerlân relatyf goed giet, komt trochdat de gemeente al jierren dwaande is om de bern op in sûn gewicht te krijen, seit wethâlder Pieter van der Zwan. "Het is een zaak van de lange adem. We zijn al jaren bezig, en dat heeft resultaat."

Fan de bern yn groep twa yn bepaalde wiken fan Drachten wie 10 jier lyn noch 17 persint te swier. No is dat noch 7 persint. Yn oare groepen sjocht de gemeente ek dat der hieltyd minder bern te swier binne.

"It is krekt in dyktrochbraak"

Smellingerlân striidt op meardere fronten tsjin it oergewicht, seit Van der Zwan. Bern moatte goed ite, wetter drinke, en sporte. Je kinne net sizze hokker maatregel it measte helpt, seit de wethâlder.

Hy fergeliket it mei in dyktrochbraak. "Dan zet je allemaal zandzakken in, om te stutten. Je kunt niet zeggen welke zandzak de overstroming tegen heeft gehouden. Ze doen het allemaal met elkaar."

Van der Zwan is optein mei de resultaten. It is belangryk om troch te gean, seit er. "Je moet niet opgeven als je goeie resultaten hebt bereikt. Je moet doorgaan."

(advertinsje)