Van Gerner bêste op mearkamp

Celine van Gerner (argyf) © ANP
Turnster Céline van Gerner hat sneon op it NK turnjen yn Rotterdam har mearkamptitel prolongearre. Mei in puntetotaal fan 54,750 liet se klupgenoate Lisa Top en Wyomi Masela efter har. Top pakte it sulver, Masela it brûns.
Yn Rotterdam starte Van Gerner net al te bêst. Op har favorite tastel brêge foel se twa kear, wêrtroch't Masela oan de lieding gong. De turnster fan turnskoalle Hearrenfean herstelde har lykwols goed. Op it ûnderdiel balke waard se earste, op flier twadde en op sprong tredde, wat úteinlik goed genôch wie foar it goud.
Jeugdtalint Lisa Top, ek fan turnskoalle Hearrenfean, pakte ferrassend it sulver op de mearkamp mei in skoare fan 53,950.