Stichting Slach by Warns komt mei Mienskipsdei op It Reaklif

25 apr 2018 - 23:01

De Stichting Slach by Warns organisearret dit Kulturele Haadstêdjier de jierlikse betinking op It Reaklif, yn septimber, as Mienskipsdei. Doarpsbelangen út de hiele provinsje wurde útnûge om mei in delegaasje nei It Klif te kommen.

Ienheid yn ferskaat

De Stichting is fan betinken dat de wearde fan de Fryske mienskip ûnder druk stiet, en dat it dêrom wichtich is op de manifestaasje omtinken te hawwen foar ienheid yn ferskaat. Ek wurdt oan de Fryske doarpsbelangen frege om in tastjoerde ferklearring oer de wearde fan mienskip te ûnderskriuwen. Dizze sil op de Mienskipsdei oan Deputearre Steaten oanbean wurde.

Mear besikers

De organisaasje hopet troch dit inisjatyf op mear besikers foar de jierlikse betinking op It Reaklif: "We hoopje fansels dat mei dizze Mienskipsdei de belangstelling wer wat grutter wurdt", sa seit foarsitter Tom Dijkstra.

(advertinsje)
(advertinsje)