Underguod fan line stellen

17 jun 2012 - 14:37

In Drachtster hat sneontenacht in plakgenoat oan de plysje oerdroegen omdat dy klean fan de waskline stellen hie. De 24-jierrige man seach by it hûs fan de buorfrou fan syn freondinne de 49-jierrige man by de line achterhûs. Hy hie ûnderguod en in rokje yn de hannen, mar drukte him it guod gau yn 'e hannen doe't er trapearre waard.

Op de Drait koe de 24-jierrige de oare man pakke. Dy foel dêrby en rekke ferwûne oan de holle. De plysje hat de man earst meinaam nei it sikehûs en doe nei it buro.

Trefwurden: 
stelle ûnderguod
(advertinsje)