Ald-Hearrenfeanspiler Willem Huizing nei Harkemase Boys

© www.orange-pictures.nl
Fuotballer Willem Huizing spilet takom seizoen foar Harkemase Boys. De âld-spiler fan SC Hearrenfean makket de oerstap fan FC Emmen. Huizing (23) komt fan De Harkema, mar hy spile hast syn hiele jeugd by SC Hearrenfean. Twa seizoenen lyn makke er foar dy klup ek syn earedifyzjedebút. Sûnt dit seizoen spilet er foar Emmen.
By SC Hearrenfean hat Huizing spile ûnder Tieme Klompe, dy't takom jier trainer is by Harkemase Boys. "Dêr bin ik bliid mei", fertelt Huizing. "Klompe belle my om te freegjen oft ik wat fielde foar in oerstap nei Harkemase Boys. Dêrnei wie it gau rûn."
Foar de treddedifyzjonist fan De Harkema is Huizing de twadde oanwinst foar it nije seizoen.